Stasjon Jelsum, NFLS halte 3e klasse is 22 april 1901 iepene as halteplak fan it Dockumer Lokaeltsje. It wie in ferlytse útfiering fan haltegebouwen, mei in puntgevel en in koarte fleugel. Yn it gebou siet in wachtkeamer en in lyts wenninkje. Tiisdei 25 jannewaris 1944 kaam út de berûne loft swier lûd fan Amerikaanske B-26 Marauder bommewerpers. De geallieerden smieten rom fjirtich bommen op de militaire fleanbasis fan Ljouwert. Ien fan de bommen miste doel en sloech yn neist it stasjongebou fan Jelsum. Yn it stasjon wenne famylje Winkel. De man wie ploegbaas yn it ûnderhâld by de NS en net thús. De frou siet krekt op it húske bûten it stasjongebou en rekke ferwune, mar oerlibbe de ynslach. Fan it stasjon wie neat mear oer. Tidens de ynslach wie it stasjon krekt fjouwer jier net mear yn funksje. Doe 1 desimber 1940 de trein stopte mei ferfier fan passagiers, is stasjon Jelsum sletten. It plak wêr jo no steane is tegearre mei de abri-lokaasje fan Koarnjum yn 2016 oankocht troch Rail Pleasure. It doel is de herbou fan sawol de abri as it stasjon te realisearjen. By it opromjen fan beamen en strûken kaam it âlde fundament ut 1901 wer foar it ljocht. It doel is no tegearre mei in lokale soarch-ynstelling út Stiens in Fryske High Tea te festigjen yn it te herbouwen stasjon. Besikers kinne dêr priuwe en ite fan typysk Frysk lekkers en produkten út eigen streek.